+30 km
Uren
Opleiding
Dienstverband
Ervaring
Salaris
Datum
Bedrijfstype
Zoek vacatures
Soortgelijke vacatures omgeving Drachten.

Konstrukteur Drachten Drachten van Wijnen

Solliciteer nu
Solliciteer als één van de eersten
Opslaan
Solliciteer nu
Opslaan
Delen

Gevraagd

  • 40 uur
  • HBO of hoger
  • Nederlands (taal)

Aanbod

  • Vast contract
  • Eindejaarsuitkering, Pensioenregeling, Reiskostenvergoeding, Doorgroeimogelijkheden, Laptop, Telefoon v/d zaak
  • Deels thuiswerken
 

Over het bedrijf

van Wijnen
Directe werkgever251+ medewerkers
Bedrijfsprofiel
Medewerkers
Sollicitatieprocedure
 

Vacatureomschrijving

Ingenieursbureau Van Wijnen Engineering Drachten siket in konstrukteur mei ûnderfining en in hbo- of wo-diploma boukunde of sivile technyk mei spesjalisaasje yn konstruksje, op syn minst twa jier wurkûnderfining as konstrukteur binne de wenning- en/of utilisaasjebou.

Yn sawol de haadkonstruksje as detailengineering spilest as konstrukteur by Van Wijnen Engineering in wichtige rol. Dyn foarnaamste taak is it berekkenjen fan ferskate boukundige ûntwerpen, lykas produksje-, konstruksje- en 3D-modellen. Dat rint fan it fûnemint oant de balkekonstruksje en fan de ôfwettering oant de wynbelesting en alles wat dêrtusken hinget.

Konstruktive feilichheid stiet foar dy foarop. Do toetst de kwaliteit, konstatearrest ôfwikings en komst mei ferbetterings.


Hjir fielsto dy thús:

 Van Wijnen Engineering is ûnderdiel fan Van Wijnen Groep mei 32 festigingen troch hiel Nederlân. Van Wijnen ûntwikkelet, bout, transformearret, renovearret en beheart fêstgoed yn de domeinen wenje, soargje, leare, wurkje en rekreëarje. Wy wurkje by Engineering mei mear as 70 kollega’s fan trije festigingen yn Dordrecht, Drachten en Emmen oan ús missy: mei-inoar bouwe oan romte foar in better libben. Dat sjochst benammen werom yn wat wy dogge, mar ek yn wa’t wy binne: oprjocht, dreaun en grinsferlizzend. Dêrtroch hawwe wy dy in soad te bieden, lykas in ynspirearjende omjouwing en folop mooglikheden om dysels te ûntwikkeljen.

Van Wijnen Engineering Drachten hat mear as 40 jier ûnderfining yn de folsleine breedte fan konstruktive engineering yn alle fazen fan projekten. Mei in protte passy wurkje wy gear oan moaie en ynnovative projekten troch hiel Nederlân foar ferskate oannimmers, ûntwikkelders, arsjitekten ensfh. Foarbylden fan projekten dêr’t wy ús foar ynsette binne it Kooi Stadion fan Cambuur yn Ljouwert, útwreidings sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten, útwreiding sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean, ferskate tankstasjons, skoallen, wenningen en apparteminten yn hiel Nederlân.


Dit sikesto fierder yn in baan:
  • Folop ûntwikkel- en trochgroeimooglikheden;

  • Fleksibele wurktiden. De mooglikheid om thús te wurkjen;

  • Do falst ûnder in eigen kao-regeling mei keppeling oan de bou-yndustry en dat betsjut kao-salarisferhegings oer in al oantreklik salaris;

  • Reiskostefergoeding;

  • Jierlikse gratifikaasje ôfhinklik fan prestaasjes;

  • 26 ferlofdagen plus 10 ekstra fêststelde dagen (op basis fan 40 oeren) yn it jier;

  • Oantreklike pensjoenregeling fia Nationale Nederlanden;

  • In sels keazen smartphone en in laptop fan Van Wijnen.

Ynteresse?

Nim kontakt op mei Gerrit Kooistra, adjunkt-direkteur Van Wijnen Engineering Drachten, fia via de button "Solliciteer nu" op deze pagina. of belje mei 0512-513800.

Vacature opslaan
 Vacature delen
Sluit
Je notitie is succesvol opgeslagen
Voeg een notitie toe aan deze vacature
Opslaan
Sluit
Bedankt, je melding is verstuurd
Rapporteer deze vacature
Leg kort uit waarom je deze vacature rapporteert:
Versturen
Terug naar vacatures
Sluit
Kies 1 of meer
Sluit
Vacature opgeslagen
Klik op het hartje bovenaan de pagina om je opgeslagen vacatures te zien.
Terug naar vacatures
Sluit
Vul een in