- Home
- Vacatures
- Vacatures Leeuwarden
- Vacaturedetails
Monteur Laagspanning

Vacature doormailen
Elektromonteur superjachten (wurk-leartrajekt) Leeuwarden • Technical Valley
- Notitie toevoegen
- Vacature verbergen
- Vacature rapporteren
Gevraagd
-
40 uur
-
LBO / VMBO of hoger
-
Rijbewijs Auto (B)
-
Nederlands (taal)
Aanbod
-
Vast contract
-
2.778 - € 3.212 p/m (bruto)
-
Doorgroeimogelijkheden
Vacature in het kort
Over het bedrijf
Volledige vacaturetekst
Wat ga je doen?As elektromonteur wurkesto mei oan it ynstallearjen fan ferskate elektryske systemen oan board fan lúkse jachten en wurkskippen. Fan oandriuwing, kommunikaasje, navigaasje en bestjoering oant it systeem dat jetski’s yn it wetter bringt. Tink bygelyks oan:
- It oansluten en trochmjitten fan elektryske ynstallaasjes;
- Elektronyske storingen opspoare en oplosse leare;
- Wurkje mei technyske tekeningen;
- Foldwaan oan feiligensrjochtlinen en kwaliteitseasken;
- It montearjen fan elektryske komponinten.
Tegearre mei dyn nije kollega’s begjinsto op 1 oktober 2025 oan it fergees wurk-leartrajekt ta earste monteur elektrotechnyske ynstallaasjes. Do krijst fan dei ien ôf salaris. De earste 3 moannen fan it trajekt folgesto teory- en praktyklessen by Technical Valley. Nei 13 wiken hasto de sertifikaten dy’tst nedich hast om mear ûnderfining op te dwaan. Dêrnei begjinsto mei wurkjen oan de moaiste projekten by Alewijnse. Mei help fan ûnderfining fan dosinten en kollega’s learst elke dei wat nijs. Nei in jier hast dyn mbo-diploma earste monteur elektrotechnyske ynstallaasjes op bûse. Dêrnei kinst dy fierder ûntwikkelje yn dyn rol – en as dat dyn winsk is – trochgroeie.
Wêr kinst wurkje?
Wy hawwe op dit stuit plak yn de omjouwing fan Drachten, Harns, It Hearrenfean, Hoogeveen, Ljouwert, Snits en Swol. Stiet dyn wenplak der net tusken? Nim dan dochs kontakt op, yn it jier komme der hieltyd nije lokaasjes by.
Waar sta je over twee jaar?
Do kinst grutsk wêze op dysels! Do hast dyn mbo-diploma earste monteur elektrotechnyske ynstallaasjes en wichtige sertifikaten behelle. Do kinst no selsstannich oan it wurk as elektromonteur yn de ynstallaasjetechnyk.
Wat bieden wij jou?
- In moai startsalaris fan €2778 – €3212 bruto by in fulltime baan;
- Fergees mbo-nivo 3 diploma earste monteur elektrotechnyske ynstallaasjes;
- 38 frije dagen yn it jier (25 fakânsjedagen + 13 adv-dagen);
- Wurkfeiligens en salaris fan dei ien ôf;
- Meiwurkje oan yndrukwekkende projekten yn de jachtbou;
- Untwikkeling en coaching troch Technical Valley;
- Mooglikheden om troch te groeien, bygelyks nei de funksje fan foarman.
Do wolst dy fierder ûntwikkelje en bist klear foar de folgjende stap yn dyn karriêre. Do wurkst graach mei dyn hannen. Do omskriuwst dysels as fleksibel en stressbestindich en kinst dy maklik oanpasse.
Fierder herkenst dy yn de folgjende punten:
- Do hast (wurk)ûnderfining yn de technyk;
- Do hast op syn minst in Nederlânsk vmbo kader- of tl-diploma of in mbo-2-diploma;
- Do praatst Nederlânsk én Ingelsk;
- Do hast in rydbewiis B.
By Alewijnse wurkest yn in entûsjast en fakbekwaam team. Se hawwe mear as 130 jier ûnderfining en brûke dy kennis alle dagen om tûke en betroubere oplossingen te meitsjen. Dat dogge se foar klanten yn de jachtbou, skipbou en yndustry. Do wurkst mei oan bysûndere projekten, fan it begjin oant de oplevering. Tink oan grutte jachten en yndustriële ynstallaasjes. By Alewijnse krijst de kâns om in soad te learen, mei te tinken én mei te bouwen.
Over Technical Valley
Bij Technical Valley werk je samen met meer dan 300 energieke collega’s aan duurzame oplossingen in de railtechniek, infratechniek, industrie en utiliteit en woningbouw. We zijn doeners en denkers: we bedenken slimme oplossingen én maken ze waar. Altijd samen, want wij geloven dat je samen verder komt dan alleen. Al ruim 15 jaar helpen wij technische talenten én opdrachtgevers vooruit. Wat ons uniek maakt? Onze eigen technische bedrijfsschool, waar we jou en andere professionals (verder) opleiden en helpen groeien. Bij ons draait alles om vertrouwen, ontwikkeling en samen ervoor gaan. En doen wat je beloofd! Je krijgt alle ruimte om je talenten te ontwikkelen en impact te maken op de energietransitie. Samen maken we Nederland toekomstbestendig.
Vragen? Sam staat voor je klaar!
Telefoonnummer: 06 30 32 19 55
Vanaf nu ontvang je automatisch de best passende vacatures automatisch in je mailbox.
Jouw inschrijving
Emailadres:
Functie:
Plaats:
Frequentie:
Wijzig je inschrijving
Ontvang als eerste nieuwe vacatures voor Elektromonteur in Leeuwarden
Vind nieuw personeel op Werkzoeken.nl