- Home
- Vacatures
- Vacatures Dokkum
- Vacaturedetails
Vacature doormailen
Klanteservice Meiwurker Dokkum • ProWurk
- Notitie toevoegen
- Vacature verbergen
- Vacature rapporteren
Gevraagd
-
Fulltime
-
Nederlands (taal)
Aanbod
-
Vast contract
-
2.088 - € 2.296 p/m (bruto)
Vacature in het kort
Over het bedrijf
Volledige vacaturetekst
Yn dit Fryske, regionale bedriuw wurkst mei de leukste kollega’s oan technyske fragen fan klanten. Do learst hjir alles watst nedich hast, fan in modem resetten oant trainingen yn cyber security en AI. En it moaiste: do bist altyd foar it iten thús.
Wat ga je doen?
As Klantenservice Meiwurker bist do it haadpunt foar klanten mei technyske fragen. Tink oan in ynternetferbining dy’t hapert of in modem dy’t opnij ynsteld wurde moat. Gjin stress: as do Outlook en Excel in bytsje kinst, leare wy dy de rest.
- Klanten telefonsk of per mail te wurd stean
- Technyske problemen simpel oplosse (modem reset, ynstellingen kontrolearje)
- Fragen trochsette nei kollega’s as it wat kompleks is
- Gearwurkje mei dyn team fan 8 kollega’s, Jan is dyn liedingjouwers, Johan helpt dy altyd op wei
Wurkje by in echt Frysk bedriuw, wêr’t de measte klanten yn it Frysk skilje. Praatst sels ek Frysk? Moai sa! Ferstean is trouwens ek prima. It team is lyts, tichtby elkoar en stiet altyd klear om inoar te helpen. Hjir telt elkenien echt mei, gjin nûmer, mar in namme.
Do wurkst tusken moandei en sneon fan 08:00 oant 17:00 oere. Dat betsjut: nea jûns, nea nachts, gewoan in strak ritme en lekker op tiid thús. Do kinst tusken de 16 en 32 oeren per wike wurkje, fleksibel yn te dielen.
Der is altyd romte foar ien om yn’e kunde te kommen. Ek as do noch twifelt, bist wolkom om ris lâns te kommen of te skiljen. Gewoan leechdrempelig, wy prate dy graach by oer de baan en it team.
Enthousiast? Reagearje dan hjoed noch en wa wit sitst takom wike al neist Johan, om tegearre de earste modems te resetten.
Wat verwachten wij van jou?
- In sosjaal type, dat maklik yn petear giet
- Do hast basiskennis fan kompjûters (Outlook, Excel)
- Do praatst Frysk of ferstiest it (allebei is prima)
- Do bist learkier, ûnderfining is moai meinaam, mar gjin must
- In moai lean fan €15 oant €16,50 per oere (útbetelling per wike of moanne, watst wolst)
- Trainingen en begelieding, lykas cyber security of AI
- In dúdlike ynwurksume perioade, sadat do net fuortendaliks yn it djippe springst
- In baan mei feiligens by in stabyl regionaal bedriuw
- In team dêr’t sfear en geselligens minstens sa wichtich binne as de technyk
Vanaf nu ontvang je automatisch de best passende vacatures automatisch in je mailbox.
Jouw inschrijving
Emailadres:
Functie:
Plaats:
Frequentie:
Wijzig je inschrijving
Ontvang als eerste nieuwe vacatures voor Customer Service Medewerker in Dokkum
Vind nieuw personeel op Werkzoeken.nl